Gratis verzenden vanaf 20,- (NL)
Bestellen zonder account aan te maken!

Willem Schoorstra,Erfskip
  • Willem Schoorstra,Erfskip
  • Willem Schoorstra,Erfskip
Erfskip
De saga fan Ubba Skylding
€ 22.50
  



 Thuisbezorgen

  • Bestel vóór: 21:00
  • Bij u in huis op vrijdag *
  • Gratis verzending


Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hege­beintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy’t wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy’t derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy’t Ubba by syn berte opeaske.

Nei’t Ubba op syn tolfde in man deaslacht, rekket syn libben yn in streamfersnelling. Ien dy’t him de wrâld oer fiert. In reis dy’t him yn kontakt bringt mei hearskers en keningen lykas Redbad II, pakesizzer fan Rêdbâd Aldgillissoan, mei ûndeaden en meunsterlike skepsels, mei Bonifatius ek, de biskop dy’t de wetten fan de Friezen skeint…
Erfskip – De saga fan Ubba Skylding is in hybride fan in roman en in saga. In epyske fertelling, basearre op in skriftlike oerlevering út de 12de iuw. Mei ûnbegrinzge ferbyldingskrêft sketst Willem Schoorstra in byld fan de ier-midsiuwske wrâld, en jout alsa de histoaryske roman, troch it unike karakter fan Erfskip, in folslein nije diminsje.




Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:

Paperback / softback
320 pagina's
Februari 2023
473 gram
210 x 140 x 27 mm
EAN: 9789492457387
Het Nieuwe Kanaal


* We doen er alles aan om dit artikel op tijd te bezorgen. Het is echter in een enkel geval mogelijk dat door omstandigheden de bezorging vertraagd is.