Gratis verzenden vanaf 17,50 (NL)
Wij verzenden naar Nederland en België

  • Meindert Bylsma,Moard yn tsjerke
  • Meindert Bylsma,Moard yn tsjerke
Meindert Bylsma,Moard yn tsjerke
Moard yn tsjerke
€ 15.50
Levertijd: 1 tot 2 werkdagen

Dit artikel is aanwezig in onze winkel in Heerenveen
Click & Collect mogelijk



De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan ’e grêfkelder dy’t ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke.
Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op ’e trep nei de kelder leit in lyk.

Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd.
Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net ôfsletten? Wat stiet der eins krekt yn it testamint?

In spannend en fermaaklik aventoer. It is it tredde diel yn in searje oer “De Blomkes”. Earder ferskynden Allegearre snie en Moard yn ’e hite hei.





Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:

Paperback / softback
115 pagina's
December 2021
183 gram
210 x 145 x 11 mm
EAN: 9789463653985
Elikser B.V. Uitgeverij

Levertijd: 1 tot 2 werkdagen

Dit artikel is aanwezig in onze winkel in Heerenveen
Click & Collect mogelijk